Ferrassende taalkombinaasjes

Spylje in potsje trijetalich scrabble op in libbensgrut scrabbleboerd. Scrabbelje mei Nederlandse, Fryske en English words... Wurde it 'gewoane' wurden of wurdt it klearebare poëzij? Of kom nei it optreden fan Xera-Raíz! Dizze band komt fan oarsprong út Asturië yn it noarden fan Spanje. Lústerje nei de bysûndere klanken fan de Asturyske taal en tradisjonele ynstruminten lykas de Bouzouki, de Hurdy-gurdy (draailier) en de Asturyske rebec. Hoe soe dat klinke yn kombinaasje mei de Fryske taal? Fansels stiet de PraatmarFrysk-praatpeal der ek! Dêr kinst dyn moaiste wurd efterlitte yn dyn favorite taal. Wês wolkom! Wy sjogge dy graach!

Afûk staat in het Lân fan taal-gedeelte van UITfestival 2017. Deze mini-vrijstaat voor talen is een opmaat naar het uitgebreide programma Lân fan taal, onderdeel van het programma van Leeuwarden-Fryslân 2018, Culturele Hoofdstad van Europa.

Informatie

  • Instelling: Lân fan taal/Afûk
  • Performer: Lân fan taal/Afûk
  • Tags: muziek,literatuur,jeugd
  • Website: http://lanfantaal.frl

Speelschema en locatie

  • Op: 03-09-2017 Van: 12:00 uur Tot: 18:00 uur
    Hier: Prinsentuin